woensdag 7 december 2011

LÊSTE WARSKÔGING FRYSKE BIOSKOPEN

In pear wiken ferlyn hawwe wy yn in fideoboadskip op YouTube kenber makke wat ús stânpunt is wat de nije film fan de New Kids oanbelanget. Yn dizze boadskip roppe wy Fryske bioskopen op om de film net te fertoanen en dogge wy in berop op harren patriotisme. Dizze oprop is rûnom te sjen west op ferskate kanalen, mar spitich genôch kieze de measte bioskopen foar harren finansjiele belangen in stee fan it Heitelân.

Om't wy, sa't it liket, oare middels ynsette moatte om ús doel te berikken, is it tiid foar de folchjende stap. We hiene it leaver oars sjoen, mar sjogge it as in needsaaklik kwea om gebrûk te meitsjen fan ús manskippen. Sa't yn eardere boadskippen nei bûten brocht is steane der genôch minsken efter de PFF om in ympakt te hawwen, boppedat is dizze groep troch de mediaoandacht fan de ôfrûne wiken yn omfang ferdûbele. 

Ek dizze nije aksjes sille harren rjochtsje op de Fryske bioskopen, de film giet oer in pear dagen yn premjère en wy sille eltse fertoaning oangripe om fan ús heare te litten. Op it momint dat yn de film de earste Fries de harses ynslein wurdt sille wy opstean en ús leafde foar it Heitelân toane troch it folksliet te hearren te bringen. Wy roppe eltsenien dy't ús boadskip stipet op om ús by te stean en dogge yn it bysúnder in berop op de Fryske jongerein. Dit is it plak en de tiid om fan jim hearre te litten, gryp dizze kâns en lit it eltsenien witte! 

Fryslân Boppe!




Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede, 
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten