vrijdag 9 december 2011

DE LÊSTE AKSJE

Friezen. Wy, de Partij fan Fryslan, hawwe ús de ôfrune wiken ynset foar de striid tsjin de toan dy't de Hollanske media oanslaat as it om ús Heitelân giet. Wy hawwe askjes ûndernaam dy't sawol binnen as búten de provinsje oppakt binne, en hawwe yn in koarte perioade in soad berikke. 

De PFF hat út ferskate hoeken stipe krigen, en dêr wolle wy de belutstenen graach foar betanke. Spitich genôch hat ús oprop om de Fryske bioskopen tsjin te wurkjen net opsmiten wêr't wy op hope hienen. Wy hiene tocht dat wy in berop dwaan koene op de Fries en syn leafde foar it Heitelân, mar die leafde blykt net sa djip te sitten.

Wy soene ús aksjes trochsette kinne, mar om earlik te wêzen hawwe it sa stadich oan ek wol wer hân mei die Brabanners en harren film. Boppedat hat Bauke aanst eksamens en moat Hotze syn Heit helpe op'e pleats...

Koart troch de bocht, we hawwe ús nocht, miskien oant sjen.


woensdag 7 december 2011

LÊSTE WARSKÔGING FRYSKE BIOSKOPEN

In pear wiken ferlyn hawwe wy yn in fideoboadskip op YouTube kenber makke wat ús stânpunt is wat de nije film fan de New Kids oanbelanget. Yn dizze boadskip roppe wy Fryske bioskopen op om de film net te fertoanen en dogge wy in berop op harren patriotisme. Dizze oprop is rûnom te sjen west op ferskate kanalen, mar spitich genôch kieze de measte bioskopen foar harren finansjiele belangen in stee fan it Heitelân.

Om't wy, sa't it liket, oare middels ynsette moatte om ús doel te berikken, is it tiid foar de folchjende stap. We hiene it leaver oars sjoen, mar sjogge it as in needsaaklik kwea om gebrûk te meitsjen fan ús manskippen. Sa't yn eardere boadskippen nei bûten brocht is steane der genôch minsken efter de PFF om in ympakt te hawwen, boppedat is dizze groep troch de mediaoandacht fan de ôfrûne wiken yn omfang ferdûbele. 

Ek dizze nije aksjes sille harren rjochtsje op de Fryske bioskopen, de film giet oer in pear dagen yn premjère en wy sille eltse fertoaning oangripe om fan ús heare te litten. Op it momint dat yn de film de earste Fries de harses ynslein wurdt sille wy opstean en ús leafde foar it Heitelân toane troch it folksliet te hearren te bringen. Wy roppe eltsenien dy't ús boadskip stipet op om ús by te stean en dogge yn it bysúnder in berop op de Fryske jongerein. Dit is it plak en de tiid om fan jim hearre te litten, gryp dizze kâns en lit it eltsenien witte! 

Fryslân Boppe!




Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede, 
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

woensdag 23 november 2011

WY HA ÚS NOCHT

Wy fan de Partij Foar Fryslân hawwe mei ûnnocht kennis naam fan de nije film fan de saneamde "New Kids" wêr't de Fries del setten wurdt as in harsensleaze zombie dy't sûnder warskôging de kop yn slein wurdt. Wy binne sa stadich oan sêd fan de Hollanske media dy't ús Heitelân yn byld bringt as in achtersteld gebiet fol kij en fierljeppers en roppe de Fryske bioskopen op New Kids Nitro net sjen te litten!

It smoarche lef! Wat tinke die Hollanders wol net!? Se moatte bliid wêze dat it machtiche Fryslan harren noch net ôfstietten hat!

Hollands Next Top Model!? It iennichste topmodel dat se ryk binne is ús Doutzen! Gjin Hollanske kin tippe oan de weelderiche foarmen fan de gemiddelde Fryske boerinne.
Op it mêd sport hawwe ek al net it soad kompetysje, wa't op de fryske sleatten it reedriden leart hat rydt yn Thialf eltse Hollander ferby. En wêr't yn it súden gjin toertocht organisearre wurde kin sûnder in haadsponsor, wurdt de meast epyske tocht op redens eltse kear wer organisearre troch Friezen dy't gewoan graach in blokje om gean.

En dan de polityk, it liket ferdomme wol in soap! Dat komt omdat jim yn Den Haach tefolle praatsjes hawwe, mannen fan yn bytsje wurden, dy soene op it pluche sitte moatte, dan soe der teminsten noch ris wat foar mekoar komme.

Peter Stuyvesant, Menno van Coehoorn, Eise Eisinga, Simon Vestdijk, Slauerhoff, Teake van der Meer, wy hawwe faak genoch sjen litten dat de Friezen oer mear intellect, trochsettingsfermochen en motivaasje beskikke as jim Hollanders. Of binne jim miskyn fergetten wêr't de Romeinen in halt taroppen is? Wy geane de konfrontaasje net út de wei, wy binne grutsk op ús Heitelan en aksepteare net langer dat wy troch de hege heren yn Den Haach de ôfgrûn ynsleept wurde.

Krysis? Ik haw der noch neat fan fernaam, wy wurkje gewoan troch, sûnder de Friezen hie Europa fiif jier lyn werskynlik al yn'e greppel lein! It is tiid dat wy aksje ûndernimme!

Koart troch de bocht, wy hawwe ús nocht! Fryslân Boppe!